Bepaling oer Frysk yn grûnwet

12 feb 2010 - 16:01

De Nederlânske taal wurdt opnommen yn de grûnwet. It Frysk krijt in bepaling yn de grûnwet, om de wetlike posysje dy't de Fryske taal al hat te garandearjen. Dat hat de ministerried freed besletten op foarstel fan minister Ter Horst fan ynlânske saken.

Yn de grûnwet komt no foar it earst te stean dat it Nederlânsk de offisjele taal fan Nederlân is en dat de oerheid it brûken fan it Nederlânsk befoarderet. Oant no ta stie der neat oer taal yn de grûnwet fan Nederlân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)