Wenbuorkerij baarnt ôf

12 feb 2010 - 11:46

In wenbuorkerij oan de Boskreed yn Kollumersweach is freed folslein ôfbaarnd. It gie yn earste om in skoarstienbrân en dy waard in útslaande souderbrân. De brânwacht koe de brân net goed blusse om't de pleats in reiten tek hat, mar ek om't se te min bluswetter hiene. Yn in pear minuten wie it sels meibrochte wetter fan de brânwacht fan de Westereen op.

Der sit gjin wetterput yn de buert en sadwaande waard ek de brânwacht fan Kollum oproppen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)