Arrestaasjes yn himpkwekerij

12 feb 2010 - 10:58

De plysje hat tongersdei yn in loads oan de Hearewei yn Donkerbroek in himkwekerij oprôle. Fiif minsken koene oppakt wurde. It giet om fjouwer ynwenners fan Easterwâlde en in man út Broeksterwâld. De plysje hie in tip krigen oer de himpkwekerij.

Doe't de plysje by de loads kaam, wiene de fertochten drok dwaande mei it knippen fan de himpplanten. Se binne allegearre fêstset op it buro. Yn 'e loads trof de plysje goed 300 himpplanten oan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)