Flink mear jongeren wurkleas

Wethâlder Marco Florijn fan Ljouwert
De wurkleazens ûnder Fryske jongeren is it ôfrûne jier mei 60% omheech gien. Ein desimber sieten goed 3000 jongeren ûnder de 27 jier sûnder wurk. Yn de regio's Hearrenfean en Snits is it tal jonge wurkleazen sels hast ferdûbele.
It binne benammen jongeren mei HBO en MBO opliedings dy't op dit stuit om wurk sykje. De oerheid hat ferline jier miljoenen útlutsen om ekstra banen, lear-wurkplakken en staazjeplakken te realisearjen.