Dongeradiel foar weryndieling

11 feb 2010 - 22:26

It liket derop dat de kommende gemeenteriedsferkiezings de lêste wêze sille foar Dongeradiel. By in debat yn de riedsseal yn Dokkum die bliken dat in mearderheid fan de partijen foar in weryndieling is.

De jûn waard organisearre troch Omrop Fryslân, de Ljouwerter Krante en it Frysk Deiblêd, en wie mei goed 150 besikers in grut sukses. Der folgje noch twa debatten. Takom wike tongersdei is de earste yn Drachten, en op 2 maart is de lêste yn Ljouwert.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)