Sel foar drugssmokkelers

11 feb 2010 - 20:52

In 59-jierrige ynwenner fan Surch is feroardield ta 2,5 jier sel wêrfan fan seis moanne ûnder betingst foar syn rol by in grutte hasjsmokkel. Syn kompaan fan Mullum moat 20 moanne de sel yn, wêrfan seis ûnder betingst.

Beide wiene belutsen by in transport dat dizze simmer op de Waadsee ûnderskept waard. Yn it syljacht, de Kika, fûn de dûane 3400 kilo hasj. Neist de selstraf moatte de beide mannen ek in jildboete betelje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)