Foekje Dillematas yn byb

11 feb 2010 - 16:53

Yn 'e iepenbiere biblioteek yn Ljouwert is fan 22 febrewaris oant en mei 22 maart in bysûndere útstalling. Twa Fryske keunstneressen litte dêr selsmakke tassen sjen dy't ynspirearre binne op ferneamde Fryske froulju.

Corita van der Veen en Joke Stapensea hawwe mar leafst fjirtich tassen makke. Sa is der in tas dy't ynspirearre is op atlete Foekje Dillema. Oare tassen 'gean oer' Anna Maria van Schurman, Albertine Agnes, Saskia van Uylenburg en Marijke Meu.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)