Snobje nettsjinsteande krisis

11 feb 2010 - 15:24

Concorp út Jirnsum, dat ûnder oare Autodrop makket, giet it bêste jier yn syn skiednis temjitte. It eardere Van Slooten hat bot ynvestearre en foar 2010 in soad opdrachten binnenhelle. Der komme tsien oant fyftjin nije banen by. In pear jier ferlyn moasten der by it fabryk noch tsien minsken út.

Foar dit jier wurdt in groei ferwachte fan tweintich oant tritich prosint. It fabryk makket dit jier 30 miljard stiks oan snobbersguod.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)