SP bliuwt op stimbiljetten

Jan Marijnissen: syn hanteken wie ferfalske
De lanlike SP krijt de SP Skarsterlân net fan 'e stimbiljetten ôf. De Ried fan Steat hat it berop fan it lanlike partijburo net-ûntfanklik ferkearre. It berop is te let binnenkaam.
De SP Skarsterlân hie in falske hanteken fan Jan Marijnissen ûnder de kandidatelist set. De fraude kaam te let oan it ljocht om de stimbiljetten oan te passen. It lanlike partijburo koe net oanjaan wêrom't twa wike wachte is mei it oantekenjen fan berop, neffens de Steatsrie.