Wa docht ûndersyk nei JSF

It is noch hieltyd ûndudlik wa't it ûnôfhinklik ûndersyk nei de JSF dwaan sil. De provinsje en de gemeenten hawwe mei definsje ôfpraat dat der sa'n ûndersyk komt nei it leven dat de mooglike opfolger fan de F16 makket.
Der is no diskusje oer wa't dat dwaan moat. Definsje hâldt fêst oan ûndersyksynstitút TNO, omdat dat it bêste by steat ia geheime ynformaasje oer de JSF te bewarjen. De provinsje en de gemeenten sjogge leaver dat foarljochtingssintrum RIVM it docht.