Nederlâns âldste is Friezinne

Foto: wanswerd.com
De âldste ynwenner fan Nederlân, dy't tongersdei 108 jier âld wurdt, komt fan oarsprong út Fryslân. Frou Wytske van Dijk-Meidersma waard op 11 febrewaris 1902 berne yn Wânswert by Dokkum.
Frou Van Dijk fiert har jierdei yn besletten kring yn soarchsintrum Hoprank yn it Drintske Peize. Se is sûnt oktober ferline jier de âldste ynwenner fan Nederlân.