Arrestaasje nei hoarekaferbod

11 feb 2010 - 10:25

In 22-jierrige man út Ljouwert is yn 'e nacht fan woansdei op tongersdei oanhâlden yn de Alde Doelestege yn syn wenplak. Hy wie dêr in kafee yngien en der oant twa kear ta útset troch it personiel. De Ljouwerter hat in hoarekaferbod en mei dêrom de hoarekasaken yn it sintrum fan 'e stêd net mear yn.

De meiwurkers fan it kafee warskôgen de plysje. Dy hat de man meinaam nei it buro en dêr fêstset.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)