Glêde diken troch snie
Ferkear yn de hele provinsje moat tongersdeitemoarn rekken hâlde mei oerlêst troch de snie. Op guon diken kinne sniedunen ûntstean.
Ek is it rûnom yn de provinsje glêd. De hiele nacht is der struid en ha snieskowers besocht de dyk skjin te krijen.