Wer gjin riderij op grêft Fean
De folkloristyske reedriderij fan feriening Lyts Klein Thialf kin nije wike opnij net trochgean. De grêft yn it sintrum fan It Hearrenfean leit noch iepen. Begjin dizze wike skreaun de feriening de riderij út foar woandei yn de ferwachting dat it flink trochwinterje soe, mar it iis is de lêste dagen kwalik oangroeid.
It is al 13 jier lyn dat de riderij op de grêft by it Posthûsteater holden wurde koe. Ferline jier koe de riderij troch teiwaar ek al net trochgean.