Deadlik ûngelok by Easterwâlde

10 feb 2010 - 21:37

By in ûngelok op de Weperpolder by Easterwâlde is woansdeitemiddei in 57-jierrige automobilist út it Drintske Wapserveen om it libben kaam. Op de dyk fan Haulerwyk nei Easterwâlde rekke de bestjoerder troch de glêdens yn de slip. Dêrnei botste er tsjin in beam op.

De brânwacht moast de man út syn auto weihelje, omdat er fêstsiet. Hy wie doe al ferstoarn.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)