Twa auto's te wetter

Yn de feart neist de Westergoawei (foto: Jaring Rispens)
By Wommels en Winsum binne woansdeitemiddei auto's te wetter rekke. Yn Wommels rekke in bestjoerder út Burchwert troch glêdens de macht oer it stjoer kwyt en skode rjochttroch it wetter yn. De man koe sels út de auto weikomme.
Op de Westergoawei tusken Ljouwert en Wommels rekke in automobilist troch ûnbekende oarsaak op de kop yn de feart neist de dyk. Ek dêr kaam de bestjoerder sels út de auto en waard troch omwenners wer op ferhaal holpen.