Syktocht yn Lauwersmar stopset

Sûnt sneon wurdt Adolf Mud fermist
Der wurdt foarearst yn it Lauwersmargebiet net fierder socht nei de fermiste Adolf Mud út Drachten. In groep ME-ers, plysjeminsken en hûnen ha twa dagen sûnder resultaat socht.
De 48-jierrige Drachtster is sneon yn 'e war fan hûs gien. Syn auto waard fûn by de Lauwersmar. As it waar de kommende dagen better wurdt en Mud is noch net fûn, dan wurdt fierder socht mei in helikopter. Dy kin út de loft wei mei waarmtekamera's it gebiet ôfsykje.