Bak Nielsen akkoart mei straf

10 feb 2010 - 16:46

Kristian Bak Nielsen hat it skikkingsfoarstel fan it fuotbalbûn KNVB akseptearre. De ferdediger fan de Sportklup Hearrenfean krijt in jildboete fan 1000 euro en wurdt foar ien wedstriid foarwaardlik skorst.

Bak Nielsen hie nei de wedstriid fan syn ploech tsjin ADO Den Haach sein dat skiedsrjochter Kevin Blom ADO mei opsetsin winne litten hie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)