Jorrit Bergsma wint NK maraton

10 feb 2010 - 13:47

Jorrit Bergsma en Douwe de Vries ha de lêste twa rûntsjes meielkoar striden om de winst op it NK maraton. Uteinlik kaam Jorrit Bergsma fan Aldeboarn as earste oer de streek. De Vries fan It Hearrenfean waard dus twad. Bergsma wûn dit jier ek al de Alternative Alvestêdetocht op de Weissensee yn Eastenryk. Ingmar Berga kaam as tredde oer de einstreek.

It NK oer 100 kilometer waard woansdei ferriden op it natueriis fan de Súdlaardermar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)