'SP moat fan stimbiljet ôf'

It haadbestjoer fan de Socialistische Partij besiket fia de Raad van State de SP yn Skarsterlân fan de stimbiljetten foar de gemeenteriedsferkiezings te krijen.
De SP yn Skarsterlân stiet op dy biljetten nei it ynleverjen fan in kandidatelist mei in falske hanteken der ûnder. Dy hanteken waard te let troch de gemeente ûntdutsen, de partij stiet dêrom wol op de stimbiljetten. De Raad van State behannelt de saak tongersdei.