Stroomsteuring Snits wer oer

10 feb 2010 - 11:41

Sa'n 1700 oanslutings yn Snits hawwe woansdei sûnder stroom sitten. Tsjin tsienen foel de stroom út, troch in stikkene kabel. Troch de stroom fia oare regelstasjons oan te leverjen koene de oanslutings wer fan stroom foarsjoen wurde.

By de earsten wie dat al ridlik gau it gefal, de lêsten hiene nei healwei tolven wer stroom. Netwerkbehearder Liander besiket de stikkene kabel woansdei te meitsjen. Hoe't dy stikken rekke is, is noch net dúdlik.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)