Hiddink ideale trener It Fean

10 feb 2010 - 11:37

Guus Hiddink is de ideale sterke man foar SC Hearrenfean. Hy soe takom jier trener fan de klup wurde moatte. Dat meldt Voetbal International. Hiddink is noch oant mids july bûnscoach fan Ruslân, mar ûnderhannelet noch mei it Russysk fuotbalbûn oer in nij kontrakt. Hearrenfean soe Hiddink noch net benadere hawwe.

Ferline wike luts Hearrenfean Jan Everse oan as ferfanger fan Jan de Jonge. Dat barde al mei op foarspraak fan Hiddink.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)