Gjin eigen lisplak foar EVT

De EVT kin definityf net rekkenje op in eigen lisplak. De Raad van State stelt dat de gemeente Skylge in fêste lisplakfergunning terjochte wegere hat. De Raad draait dêrmei in útspraak fan de Ljouwerter rjochtbank werom.
De Eigen Veerdienst Terschelling woe in eigen lisplak ha. Se hiene dêrfoar it âlde plak fan de Koegelwieck op it each, mar dat wol de gemeente net. Dy wol alle passazjiers achter de hekken yn de haven op- en ôfstappe litte. De EVT kin net yn berop gean.