Wer sykje nei fermiste man

Der wurdt woansdei op 'e nij socht nei in fermiste man út Drachten. De man (48) is sneon yn 'e war fan hûs gien. Syn auto waard fûn oan de Grinslanner kant fan de Lauwersmar. Tiisdei is de hiele dei socht yn dat gebiet, mar dat smiet neat op.
In groep ME-ers pluzet it gebiet no stik foar stik út. Der wurdt ek in helikopter ynset en der wurdt gebrûk makke fan speurhûnen. As de aksje neat opsmyt, giet de sykaksje tongersdei fierder.