Gjin doar foar frouljushúske

10 feb 2010 - 10:22

De direksje fan Piter Jelles Ynsicht yn Ljouwert hat de tagongsdoarren nei de frouljushúskes fuorthelle. De learlingen makken der in binde fan. Doarren, muorren en spegels waarden bekladde en rommel bleau slingerjen. De skoalle hat de fammen warskôge, mar dat holp net.

Ferskate learlingen en âlders ha hjir beswier tsjin makke. Se fine dat de privacy fan de learlingen skeind wurdt. De direksje hâldt de maatregel foarearst oan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)