Fytsedieven oppakt

De plysje hat in grut tal stellerijen oplost. Se ha trije mannen oanhâlden (16, 20 en 36) út Ljouwert en Stienwyk. De plysje hie in lokfyts ynset, nei't bliken dien hie dat it tal gefallen fan fytsestellerij yn de wiken Nijlân en Huzum-West yn Ljouwert de lêste tiid bot tanaam wie.
De lokfyts waard ferline wike tongersdei stellen. Der siet apparatuer yn sadat de fyts te folgjen wie. De dieven binne oppakt. Se ha 20 fytsen stellen en trochferkocht.