Winst foar Sligro

De Sligro Food Group hat oer 2009 goed 74 miljoen euro winst makke. Dat is trije miljoen mear as yn 2008 en de heechste winst fan it bedriuw oant no ta. De groei is benammen berikt troch de kosten nei ûnderen te bringen.
De Sligro Food Group levert as gruthannel produkten oan de hoareka. Dat wurdt ûnder oare dien fanút fêstigings yn Ljouwert en Drachten. It bedriuw fiert dit jier syn 75-jierrich bestean. It ferwachtet oer 2010 in lytse groei fan de winst.