Kâns op glêdens troch snie

10 feb 2010 - 07:56

De snie fan woansdeitemoarn makket dat it op de diken glêd wêze kin. De snie is rûnom yn de provinsje fallen. Waarman Piet Paulusma ferwachtet foar de rest fan de dei noch mear snie. Minsken op 'e dyk kinne dêrtroch lêst ha fan minder sicht.

Omdat de temperatuer op of krekt ûnder it friespunt leit, sil de snie foarearst ek noch net fuortteie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)