Boys spylje yn De Rottefalle

10 feb 2010 - 06:47

De bekerwedstryd Harkemase Boys-Flevo Boys wurdt spile yn De Rottefalle. Dat hat Harkemase Boys ôfpraat mei de KNVB. It eigen fjild fan de fuotbalclub is troch it winterwaar net te bespyljen. Dêrom wurdt útwykt nei it keunstgersfjild fan De Rottefalle.

De wedstryd stiet foar kommende tiisdeitejûn op it programma. Mocht it kompetysjeprogramma dit wykein ôfsein wurde dan spilet Harkemase Boys mooglik sneontemiddei al tsjin Flevo Boys.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)