Strjitlampen rûnom út

Netbehearder Liander hat de ferljochting meitsje litten
Yn in grut part fan Fryslân hat de strjitferljochting der tiisdei sa'n oere útlein. It gie ûnder oare om Drachten, Snits, It Hearrenfean en de regio dêromhinne. It ljocht foel tsjin 17.30 oere út. In monteur fan netbehearder Liander hat it mankemint ferholpen en de ljochten dêrnei wer ynskeakele.
De binne de lêste tiid wol faker problemen mei de strjitferljochting yn Fryslân. Neffens Liander giet it dan hieltiten wol om ferskillende oarsaken.