Utstel fan betelling drafbaan

Utstel fan betelling by drafbaan Wolvegea
It bestjoer fan de drafbaan Wolvegea hat útstel fan betelling frege en krigen. De baan hat gjin ynkomsten mear, omdat der troch it winterske waar gjin draverijen mear binne.
Eigner fan de baan is de fallite drafsportorganisaasje NDR. Bewâldfierder Christiaan Mensink fan de NDR wol de baan graach ferkeapje, mar koe dat net dwaan sa lang de baan noch ferhierd waard foar de draverijen. Dat liket no dus foarby.