Tsientûzen euro foar soas

09 feb 2010 - 13:52

It Oranjefûns betellet tsientûzen euro mei oan in part fan de ynrjochting fan de âldereinsoas yn de Vosseparkwijk yn Ljouwert. Dy soas giet dizze maaitiid fan start. In groep âlderen is op dit stuit dwaande mei it betinken en opsetten fan aktiviteiten en mei de ynrjochting fan de soas.

De aktiviteiten binne ûnder oaren in kofjemoarn, workshops en lêzingen. It Oranjefûns is in nasjonaal fûns, dat alle jierren mear as tweintich miljoen euro betellet oan sosjale projekten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)