Drachtster fermist

09 feb 2010 - 12:33

De plysje is yn it Lauwersmargebiet op syk nei in fermiste man fan 48 jier út Drachten. Famylje fan de man hat him ôfrûne sneon as fermist opjûn. Hy is yn 'e war fan hûs gien.

De auto fan de Drachtster is oantroffen oan de Grinzer kant fan de Lauwersmar. De plysje siket mei hûnen nei de man. Mooglik wurdt der ek noch in helikopter ynsetten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)