Avanti ferliest fan TTP

ZVV-Avanti Stiens © Omrop Fryslân
De sealfuotballers fan Avanti hawwe freedtejûn mei 14-5 ferlern fan TTP Rotterdam. Avanti begong de wedstriid sûnder de blessearre Mo Faraouni en de skorste Jeffrey Visser. Dochs setten de Stiensers goed útein en pakten bretaal de foarsprong. TTP, de nûmer twa, sette lykwols foar de tee de rêststân wer op 5-3.
Nei it skoft hienen de thúsploech it fizier op skerp en kaam Avanti der net mear oan te pas. In dikke oerwinning foar de ploech fan âld-trainer Anand Jagdewsing. De Stienzers steane noch altyd ûnderoan mei 3 punten út 19 wedstriden.