Masterklas foar ynnovaasje

09 feb 2010 - 10:17

In grut ynternasjonaal selskip is tiisdei en woansdei op besite yn Ljouwert. It giet om sechtjin saakkundigen op it mêd fan ynnovaasje út lânnen lykas Finlân, Sweden, Dútslân, Italië, Spanje en Portugal.

It giet om in Europeesk gearwurkingsprojekt wêrby de fraach sintraal stiet hoe't bedriuwen, dy 't fernijende saken útfine en op 'e merk bringe wolle, oan jild holpen wurde kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)