Van Burik nei SC Hearrenfean

08 feb 2010 - 23:13

SC Hearrenfean hat Dick van Burik taheakke oan de technyske lieding fan de klup. De âld-spiler wurdt assistint fan de nije haadtrainer Jan Everse. Hy debutearret sneontejûn by de wedstryd tsjin Ajax.

De 36-jierrige Van Burik fuotballe foar Ajax, NAC Breda en FC Utrecht. Hy spile tusken 1997 en 2007 ek hast twahûndertfyftich wedstriden yn de Dútse Bundesliga foar Hertha BSC.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)