Grutte plysje-aksje Heechterp

De plysje hat moandei yn de Cederstrjitte yn Ljouwert twa manlju fan 40 en 43 jier oanholden. De Ljouwerters soene sketten ha op in 44 jierrige plakgenoat. Net ien rekke ferwûne. It slachtoffer sei tsjin de plysje dat der fanút in foarby ridende auto op him sketten waard. Dat gebeurde by syn bedriuw oan de Adoniswei.
Taskôgers en de parse waarden troch de plysje op ôfstân hâlden. De oanhâlding slagge nei ûnderhannelingen.