'Undersyk nei losse konteners'

08 feb 2010 - 17:07

De ûndersyksried foar feiligens wol nije ynsidinten mei konteners dy't losslein binne ûndersykje. Dat hat foarsitter Pieter van Vollenhoven fan de ûndersyksried skreaun oan boargemaster De Hoop fan It Amelân.

Oant no ta hie de ried gjin foech om ûndersyk yn te stellen. Mar sûnt 1 jannewaris dit jier hat de ried dat foech wol. De Hoop makket him soargen oer lossleine konteners dy't in gefaar wêze kinne foar de skipfeart en boarplatfoarms yn de Noardsee.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)