Snelrjocht by gerjochtshôf

It gerjochtshôf yn Ljouwert
Minsken dy't foar saken om âld en nij hinne neffens snelrjocht feroardiele binne, hoege mar hiel koart te wachtsjen op harren heger berop. Ek it gerjochtshôf jout foarrang oan dizze saken. Yn hiel Nederlân giet it om tolve saken. Fjouwer wurde troch it Ljouwerter hôf behannele op 26 maart.
Foar in grut part giet it om minsken dy't earder troch de rjochtbank yn Grins feroardiele binne en it dêr net mei iens wiene. Der sit in Ljouwerter by dy't trije wike sel krige.