NHL skrast ek jûnsûnderwiis

08 feb 2010 - 16:34

Ek it jûnsûnderwiis oan de NHL hegeskoalle yn Ljouwert moat moandei skrast wurde. Dat is it gefolch fan in grutte stroomsteuring yn it gebou fan de NHL. It hiele gebou sit al sûnt 11 oere moandeitemoarn yn it tsjuster en ek kachels en kompjûters dogge it net.

It gebou moast ûntromme wurde, tûzenen waarden nei hûs stjoerd. Mei in nije haadkabel wurde de problemen as it goed is oplost. Ek oare bedriuwen en huzen yn Bilgaard hiene lêst fan de stroomsteuring.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)