'Skaf it enerzjylabel mar ôf'

It enerzjylabel foar huzen kin mar better ôfskaft wurde. It regear kin de isolaasje fan huzen better op in oare wize stimulearje. Dat seit makeler en NVM-foarsitter Albrecht Kok fan Drachten yn reaksje op nije sifers oer it enerzjylabel.
It Algemeen Dagblad skriuwt moandei dat mar ien op de acht huzen ferkocht wurdt mei in enerzjylabel. It label moat oan keapers dúdlik meitsje hoe enerzjysunich oft in hûs is, mar der wurdt mar in bytsje gebrûk fan makke.