SC Cambuur hat frije jûn

It Cambuurfjild is net goed bespylber
De wedstriid fan SC Cambuur tsjin Fortuna Sittard giet moandeitejûn net troch. It fjild yn Ljouwert is troch it winterwaar beferzen en te gefaarlik om op te spyljen.
It is al de twadde kear dat it treffen tusken beide klups net trochgiet. De wedstriid stie earder foar 15 jannewaris op it programma. Ek doe wie de winter spulbrekker. Wannear't de wedstriid no spile wurdt is noch net bekend.