Manlju smite mei bierblikjes

08 feb 2010 - 09:38

Twa Ljouwerters fan 55 en 60 binne sneintenacht oanhâlden omdat se mei bierblikjes nei auto's goaiden. Dat diene se fan út in flat op it Anjenplein yn Ljouwert. De auto's dêr't se de blikjes hinne goaiden, stiene by de flat parkeard.

In tsjûge warskôge de plysje en dy hat de manlju oppakt. Yn elts gefal trije auto's binne skansearre troch de bierblikjes.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)