Oerfal op benzinepomp Wâldsein

08 feb 2010 - 09:27

Twa noch ûnbekende mannen hawwe moandeitemoarn betiid besocht in benzinestasjon oan de Vosseleane by Wâldsein te oerfallen. De eigner fan it benzinestasjon seach dat de fertochten mei in brekizer de doar iepenje woene.

Op dat momint binne de beide mannen útnaaid yn de rjochting fan De Hommerts. De plysje ropt tsjûgen op dy't wat sjoen hawwe om har te melden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)