Utslaande brân yn Ljouwert

08 feb 2010 - 07:10

Der hat sneintemoarn in útslaande brân west yn in boppewenning oan de Stasjonswei yn Ljouwert. De brânwacht hie it fjoer gau ûnder kontrôle, mar der is wol in soad skea oan de wente.

Nei alle gedachten is de brân yn de keuken ûntstien. De krekte oarsaak is noch net dúdlik. Op it momint fan de brân wiene der gjin minsken yn it pân oanwêzich. De dyk hat in skoftsje ôfsletten west foar it ferkear.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)