Agressive mannen oanholden

07 feb 2010 - 17:47

By Wjelsryp hat de plysje sneontenacht fjouwer mannen út in auto oanholden. De bestjoerder fan 21 út Reduzum hie tefolle dronken en moast op it buro blaze. De trije oaren bleaune by de auto en waarden warskôge har ophelje te litten omdat se ek dronken hiene.

Se rieden letter dochs fuort, waarden oanholden en gedroegen har agressyf. De bestjoerder fan 23 jier út Warten, en de oare beide manlju, in 25-jierrige Wartenster en in 22-jierrige Redúster binne oerbrocht nei it buro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)