Wim Stroetinga sânde

Wim Stroetinga
Hurdfytser Wim Stroetinga fan de Milramploech is op Palma de Mallorca sânde wurden by de Trofeo Palma de Mallorca. Hy wie mei dat plak de bêste Nederlanner. De Australyske Robbie McEwen wûn de earste wedstriid fan de fiifdaachse Mallorca Challenge.
Mc Ewen wie nei 113 kilometer de rapste yn de massasprint. Koldo Fernandez pakte it twadde plak. Oscar Freire kaam as tredde oer de streek.