Winkeldief oppakt yn Sint Anne

In 22-jierrige frou út Oisterwyk is sneon oanholden yn Sint Anne op fertinking fan stellerij. Personiel fan in drogisterij hie sjoen dat in man en in frou kosmetikaprodukten mei in wearde fan 700 euro stellen hiene. Se wiene fuortgien sûnder te beteljen.
Op oanwizings fan tsjûgen koe de frou eefkes letter oanholden wurde yn in oare winkel. Se is ynsletten op it plysjeburo foar ferhoar. De man wist te ûntkommen.