Fjochtpartijen yn Drachten

Yn Drachten wiene sneontenacht ferskate fjochtpartijen op de Kaden. In Drachtster fan 22 waard oanholden doe't er lûdroppend spul makke mei in plakgenoat. Hy joech net om sizzen fan de plysje en waard ynsletten.
Yn in kroech waarden twa Drachtsters fan 21 en 22 jier oppakt foar it útdielen fan klappen en in kopstjit. In 17-jierrige Drachtster waard oanholden om't er in 18-jierrige plakgenoat mishannele. Dy moast nei it sikehûs foar behanneling.