Dronken jonge oanriden

07 feb 2010 - 16:14

Sneintenacht is in 16-jierrige Menamer oanriden troch in 20-jierrige bestjoerder út Hurdegaryp. De jonge lei op 'e dyk tusken Burgum en Quatrebras. Hy wie dêr wierskynlik lizzen gien ûnder ynfloed fan drank.

De Hurdegarypster seach in auto mei alarmljochten oan yn de berm stean. De bestjoerder dêrfan hie de jonge op de dyk krekt ûntwike kind. De man út Hurdegaryp ried lykwols oer de skonken fan de jonge. Dy waard nei it sikehûs brocht, mar de ferwûnings foelen ta.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)